Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for augustus, 2017

admin

Harkjende wetlearaar

Bibelbylden

fan ûnbekend*



As wetlearaars ha wy it rjocht
om krekt de regels oan te learen,
sa hat Mozes ús dy brocht:
mei ’t hanwaskjen foar iten
reitsje minsken foar Jahweh wer skjin,
dus dy tradysje moat net slite.

Mar wat wy seagen op in dei…
’k jou ta, it gie om eigen eare,
boppedat kaam it sa út…
dy Jezus joech út hannen
wat foar ús as wetlearaars sin hie:
foar iten skjin, dus ek syn mannen.

Jawis, syn mannen, want hy wie
de master om oan har te learen
hoe’t it troch de tiden gie,
dus hanwaskje foar iten,
want Jahweh joech oan dy regel sin,
wat folle mear is as in rite.

As iennige bin ik noch bleaun,
ha nei syn lêste wurden harke
oer fan bûten smoarch en skjin
yn ’t hert, oars as de mage,
wat net mear oer smoarge hannen gie,
mar dochs hie ik noch wol wat fragen.

* Ofbylding ‘Wetlearaars’

 

admin

Loftbisten

Lyrysk Deiboek

De hiele dei troch swalken bisten
by de suver blauwe himel lâns,
de kop omheech om ta te happen;
fantasearjend griep it bern syn kâns:
‘De wolf jou ik de klappen!’

De bisten draafden driigjend fierder,
frieten ûnderwilens harren dik
en ferven tagelyk it wetter;
wylst er gûlde, kriich de wolf de hik,
de hynst sloech op ’e kletter.

De fonken spatten fan de hoeven,
dat it wie gefaarlik om te sjen,
gjin minske wie mear op ’e lappen;
mei de eagen ticht, sa hearde ’t bern
dochs noch de fûle klappen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum