Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for augustus, 2017

admin

Earst heit begrave

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Myn fielen gie twa kanten út:
nei heit, krekt stoarn, fannacht
ha ik noch by him wekke,
en nei de man út Nazaret,
hy ferge my op in beslút.

Hy prate earst oer foksehoal
en fûgelnêst as plak
om ûnderdak te wêzen;
dêr hat er ien teplak mei set,
dy man seach him as in idoal.

Hy kearde him doe nei my ta
en sei planút: ‘Gean mei!’
Dus daliks mar opbrekke
as wie syn wurd de heechste wet
en soe ik neat mei thús mear ha.

Myn fielen wie earst by ús heit,
dy’t ik begrave moast,
de deadebea ek lêze;
ik hie ’t by him lykwols net ret,
de hiele saak hat hy omdraaid.

* Foto ‘Rotsgrêf’

admin

Wiisheid yn it silen

Skûtsjesilen 2017

Dêr leit er dan, de brede bak,
hy hat net ien tichtby him duld,
no hat er syld syn lêste rak,
wa wit… syn eigen skuld?

Wolnee, hy lei oer bakboard, hie gelyk,
dat Akkrum waard mei tolve punten ryk.

Twa dagen letter, wer oer bak,
loek hy tsjin Grou it reade doek,
al stridend foar in geunstich plak…
wie ’t wol nei goed gebrûk?

Jawis, hy lei oer bakboard, hie gelyk,
waard Grou troch him dan tolve punten ryk?

Hy lei noch net, de brede bak,
mar ’t flachje hong net mear yn ’t want,
it lei wer op it fêste plak,
it doogde fan ien kant.

Sa is ’t, want beide kearen wol gelyk,
jout ien kear flagjen oan it ûngelyk.

Hy fart wer, sûnder skram of bult,
wylst oaren brûzje foar de priis…
is fleugellam syn eigen skuld?
Wat is yn ’t silen wiis?

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum