Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for januari, 2017

admin

Fermaak yn de moarn

Lyrysk Deiboek

Wat kin de moarntiid biede
oan ljocht en oar fermaak
de lêste oere yn it tsjuster?
’t Mystearje jout meastal as taak
om dêr yn stilte nei te rieden.

Dan rinst oer kronkelpaden
en sjochst de eagen út,
litst ûnferwachts it tastel flitse,
’t mystearje jout it oan as bút:
de wylde flecht fan tûzen kaen.

De stilte brekt troch ’t kriezen
fan skimen yn de hel
fan oars net as it neare tsjuster,
dan saaie se as sketten del,
wêr’t tûken harren plakje wize.

Dan rinst wer troch op paden
mei sicht op oar fermaak:
in rige rêgen yn it skynsel
fan taret wurde op ’e taak
fan hoe de dei besteklik lade.

admin

Doleânsje

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Wa’t net tefreden is, sil kleie
oer hoe’t it om en ta giet,
yn Nederlân is dat wizânsje;
songen wurdt in earnstich liet,
de tsjerke fiert de Doleânsje.

Sjedêr it godsfolk, yn betsjoening
fan hoe’t it om en ta giet
by ’t nachtmiel fan de Doleânsje,
folge troch in earnstich liet,
sa wurdt dit foar it folk wizânsje.

De âlde tsjerke liet ferwaaie
wat hearde by de rjochte lear,
de Geast soe ’t fromme folk wol liede
nei in tsjinst mear God ta ear,
sa binne tsjerkewegen skieden.

It âlde liet wurdt net mear songen…
wa is oertsjûge fan de lear
en kin in oar dy krekt fertelle?
Kleiend oer de ommekear,
hat net it nijs op Facebook helle.

* Yllustraasje ‘Nachtmiel’

** Foto ‘De Doleantie’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum