Ut it skûtsje-argyf 1978
Twa kear wied er earste wurden,
Tjitte*, tiger fan It Hearrenfean,
dy’t slûpte, fleach en sprong
en sa de prizen fong,
mar hoe soe ’t him fergean
as ’t gie om Sietes** wurden?
Earnewâld mei mannich naute,
noch beheinder troch it rûne read,
dreau Tjitte yn de fal
fan ’t wetter is hjir fol
fan Siete, ’t waard dus neat,
sels tigers meitsje fouten.
Siete sylde ek mei wurden
fan: ‘Sis Tjitte, kinst der no net lâns!’
De tiger hie der west,
want Siete rôp: ‘Protest!’
Foarby de tredde kâns…
’t is fjirtjin punten wurden.
* Tjitte Brouwer
** Siete Meeter |