Ut it skûtsje-argyf 1967
Japanners kamen mei fiif kamera’s
om ’t silen by Terherne fêst te lizzen
foar reklame foar foaral de rits,
mar stilte wie dy middei elk de baas,
dus moasten se it skeane silen misse,
swittend teagen se nei flitsend Snits.
It waar wie gleon,
de sinne skroeide,
om’t it broeide,
rûtsten ritsen los
fan klean en tas
en dan mar skinke,
swolgjend drinke,
neat noch preaun.
De skûtsjes starten stadich,
reuzeslakken yn de sûs,
fan tichtby net ûnaardich,
fierderop sa flau as lûs.
In streekjesbroek
mei skippersgalgen,
net te folgjen
foar it pierpublyk,
mar dochs wol sjyk
foar gleon Terherne
mei ferlerne
wyn, slop doek.
De skûtsjes dreauwen stadich
trije oeren boppe Snits,
mei streekjesbroek wol aardich
dy reklame foar de rits.
|