Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stille spanning

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1992

Image

’t Wie waarm en ’t folk siet sûnder swiere seilen
nei it sloppe tugespul te sjen,
it hie derfan as wie de skûtsjedei ferlern,
it grutste part biet op te koarte neilen.

It gie net langer om de earste plakken,
want dy wiene foar It Fean en Grou,
dy kamen net mear op ‘e Snitser mar yn ’t nau,
de stille spanning siet by oare bakken.

Wol fjouwer skûtsjes koene tredde wurde,
’t lot lei yn it twirjen fan de wyn,
dy hold it spanningsfjild der oant it lêst ta yn
fan ’t wifkjend seil oant ’t triljen fan de swurden.

De Jouwer hat it mei in meter helle
op ‘e streek en kriich in eareplak
nêst Grou en ’t Fean, dat yn de blakte mei sa’n bak,
it wâlpublyk koe noch oant trije telle.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum