Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferwaaide hoop

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

Image

De ‘Hoop op Welvaart’
mei in lading turf
lei troch de hichte
by it lossen djip;
de winterkjeld joech baat,
de simmerwyn de striid…
De Lemmer kocht it skip.

It Lemster skûtsje fleach fan start
en rûn fier op ‘e oaren út…
wie healwei dan de striid al bard
en kriich De Lemmer straks de bút?

Mar healwei is noch net de ein,
de wyn kaam yn it Grouster seil,
dus wie de bút noch net fersein,
de Lemsters bieten op ‘e neil.

De skotten knalden tel nei tel
en laden sa de spanning op,
gesichten reagearren fel,
de brillen spatten fan de kop.

Image

De hoop op winnen
wie ynienen fuort,
’t rûn nei de lichte
mei it Lemster guod.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum