april 12, 2025
fan ûnbekend*
Hy hoegde nea in tekst te lêzen,
wie de hoeder fan in keppel skiep:
Mohammed, noch mar in foech jonge,
hat de joadske wittenskip wat leard
troch finer fan in krûk te wêzen.
In skiep wie yn in grot bedarre;
nei’t Mohammed mei in stien goaid hie,
gie hy op siik nei wat te hearren
wie: in brekkend lûd, hy fûn in krûk
mei rollen, troch de iuwen sparre.
Gelearden dy’t de rollen liezen,
krigen bylden út ’e skiednis wei,
hoe’t de Essenen doetiids libben;
wat Mohammed fûn hie, wie net neat,
syn rol falt wrâldwiid noch te prizen.
* Foto ‘Deade See-rollen’
maart 23, 2025
maart 16, 2025