fan Adriaen van Diest*
Hy koe net yn de takomst sjen,
mar hie fertrouwen yn de Frânske macht
en ’t oantal, Loadewyk de Fjirtjinde
wie net in kening fan: ik stean op wacht,
mar yn de oanfal, want it kin.
Wa’t leaut as fromme katolyk,
striidt moedich mei, dus oan de Frânske kant,
sa tocht doe Loadewyk de Fjirtjinde,
mar Ingelân keas foar in protestant
en Spanje loek it oantal bryk.
Sa stiene legers rûnom klear,
gjin twivel liet it machtsferbûn bestean:
de wacht oan Loadewyk de Fjirtjinde,
dy’t trochkriich: fierder kin ‘k op ’t lân net gean,
mar wol op see, dêr foar de ear.
Hy hie de grutste oarlochsfloat
fan hiel de wrâld, mar ’t oantal wie beheind
by Hogue, doe’t tolve skippen rekken lek,
sa waaard de eare fan de kening skeind,
it machtsfertoan foel dêr oerboard.
* Adriaen van Diest (1655-1704)
Skilderij ‘Seeslach by La Hogue’
|