februari 24, 2024
fan ûnbekend*
It driget him te wurden
dy’t Europa rêde moat
mei neo-liberale taal
út machtsdrift fan de nije tsaar:
de sekretaris-generaal!
Yn eigen lân ferwurden
ta in platte pragmatist
mei eigen ego oan de haal,
prinsipes binne in gefaar
foar sekretaris-generaal!
In sprekker mei tal wurden
dy’t net foar de wierheid stean,
in eigen liberaal ferhaal,
it hinne wer lykas it waar:
de sekretaris-generaal!
In maatsje is er wurden
troch syn wurden roerend rap
mei lieders op deselde skaal
fan sa giet dat fan faar op faar:
de sekretaris-generaal!
* Foto ‘Rutte met stjerren’
november 17, 2024
november 10, 2024