Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Myksomatoaze-folk*

Polityk

fan ûnbekend**

De eigen keppel hie gjin fretten,
want de kninen frieten alle gers
nei’t earst twa bisten kommen
wiene út it gea fan ’t giet ferkeard,
wat yngie tsjin de eigen wetten…

… sa wie de hoeder fan betinken,
nettsjinsteande alle jierren groei
foar skiep om rûn te kommen
om de hoeder hinne, wol by steat
de kninen fan de rest te skinken.

De hoeder lykwols woe neat witte
fan mear kninen yn syn eigen gea
en liet myksomatoaze
komme, foar de kninen op ’e kop
ferkeard, sy ha it libben litten.

Sa is it kninefolk opromme,
groeide ’t gers wol trije kear sa heech,
guon skiep ha har ta barsten
fretten oant it measte rekke op…
it rûne skiep sil ek omkomme.

* In fabel op histoaryske grûn yn Australië (1951)
** Foto ‘Kninen mei myksomatoaze’


 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum