november 5, 2023
fan ûnbekend*
It spoarde yn Koréa net,
in situaasje bûten rails
fanwege fûle strideraasje
tusken noard en súd…
wat wie de goede naasje?
De boargers waarden bûten set
en flechten treurjend tusken rails
dy’t streekrjocht nei it suden laten,
tusken eangst en hoop…
gjin sin om noch te praten.
Koréa liedt nei Israel,
twa spoaren fan ekstreem geweld
fanwege lange strideraasje
oer besit fan lân…
wat is de goede naasje?
De boargers binne net yn tel
en wurde nei it suden dreaun,
as slachtfee deade troch de bommen
fan de naasje mei
’t gefoel: oan ’t lot ûntkommen.
Dy naasje deadet bern nei bern,
de takomst fan in folk yn need,
ûntnommen lân yn it ferline,
lykas Israel,
de macht dy ’t slacht mei pine.
* Foto ‘Flechtlingen’
november 17, 2024
november 10, 2024