februari 15, 2025
fan ûnbekend*
Wa sil de frede leverje
no’t dy keapwaar wurden is:
in swarte do foar ierdmetalen,
fearren ferve op ’e roffel fan
de tromme yn it Wite Hûs…
wa kin dan noch nei frede tale?
Wa sil it lân oerleverje
dat op slach oerfallen is
troch swarte bearen, as barbaren
skeaten sy de wite do oeral…
wa’t op ’e tromme slach nei slach
jout, wol fan ’t lân tal dollars barre.
Wa sil dan wjerstân leverje
tsjin wat net te mjitten is
fanwege duvelske motiven,
riis oerein en hâld de rêgen rjocht
sadat de do wer fleane kin
en fervje swart de sike liven.
* Yllustraasje ‘Swarte do’
februari 19, 2025
december 13, 2024