maart 11, 2022

fan Sandro Botticelli*
Wit fan it drama fan Verginia,
de dochter fan Vergilius,
centurio yn Romes leger,
sy gie troch foar kreas jongfaam,
har dwaan en litten wie ynteger.
Wit ek dat Claudius in rotfint wie,
dy’t hege aspiraasjes hie,
himsels beneamde as de rjochter
dy’t it rjocht net earnstich naam,
dêr waard de dupe fan de dochter.
Wit ek dat heit Vergilius net sjen
koe dat Verginia gjin rjocht
dien waard en om har te befrijen
út syn kloeren, stiek hy ta,
sa moast syn dochter it belije.
* Sandro Botticelli (1445-1510)
Skilderij ‘It ferhaal fan Verginia’
maart 10, 2022

fan Viktor Safonkin*
As gjin begrutsjen út ’e rots
delkomt, mar stiel de kop opstekt
mei kettings om te binen,
messen foar de teare hûd,
dan wit men dat de hel losbrekt.
Wannear it leger by de berch
delkomt, in rige sûnder ein,
gjin doekjes om te winen,
mar mei wapens foar it bloed,
dan reagearret men ferslein.
Mar net as ’t bloed troch ieren streamt
streekrjocht ferbûn mei hiel it hert
dat iepenstiet foar ’t libben
fan it teare bern yn noed,
dan hat de ingel dêrmei ret.
Har wjukslach rûzet tsjin geweld
in widzesankje foar it bern
as middel tsjin in trauma,
driigjend mei syn duorjend lûd…
bern ha de ingel as har fan.
* Viktor Safonkin
Skilderij ‘Beskermingel’