Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Surrogaat Bogatyr

Keunst

fan Victor Vasnetsov*

Sjedêr held Bogatyr
mei bûtenierdske krêft
lit hy syn hynder stegerje
op ’en paad nei ’t striidtoaniel…
wa soe him dan wat wegerje?

Sjoch ek nei hjoed de dei,
hoe’t ien mei brute krêft
de ierde as fan him beskôget,
hy fernielt in oar syn diel
mei fjoer dat deadlik lôget.

In twadde Bogatyr
mei bûtenierdske krêft?
Ferbylding dy’t gjin grinzen ken,
mar mismakke is syn siel
as hy fermoardet lytse bern.

Sjoch dêrom nei de dea
út fan dy surrogaat
mei ûnderierdske krêften, lit it
barre dat hy krijt syn diel…
wa soe syn rol ferjitte?

* Victor Vasnetsov (1848-1926)
Skilderij ‘Bogatyr’


admin

Foar Israel en Juda

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Dit wurd sprek Ik foar Israel:
‘Asto by My weromkomst,
de ôfgodsbylden foar myn eagen
fuortdochst en net langer swalkest
fan it iene nei it oare plak,
nei wierheid by myn libben swarst,
dan krigest fan de folken dyn gerak,
har wurd fan lok komt op dy del.’

Foar Juda sprek Ik ek in wurd:
‘Wolsto by My wer komme,
dan moatst it wyldlân foar myn eagen
ploegje, djip genôch foar ’t siedzjen,
dat de stikels reitsje fan har plak;
besnij jim dêrnei foar de Hear,
jim hert stiet iepen, jout Him ûnderdak,
oars wurdt de brân fan grime grut.’

* Kaartsje ‘Israel en Juda’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum