Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Grienedyk

Lyrysk Deiboek

moandei, 27 juny 2005

Tusken Snits, de Potten, Snitser mar,
foar en nei de Gauster syl,
troch it gea fan Pot en Skar,
boppe greide, reid en snyl,
rint de ieuwenâlde dyk.

Dêr’t de Grienedyk it lân omklammet
weage earst de wylde see,
gjin begrutsjen, ûnbeskamme,
friet er oan dat lege stee
by dy ieuwenâlde dyk.

Dêr’t de Grienedyk it fjild oereaget,
tusken wylch en eskdoarn troch,
dêr’t it gers yn banen weaget,
libje boer en bist mei nocht
by dy ieuwenâlde dyk.

Dêr’t de Grienedyk fan Snits ôf bochtet,
folgje ik it âlde spoar,
dêr’t de blom de stâle rjochtet,
sjong ik mei yn ’t fûgelkoar
op dy ieuwenâlde dyk.

Dêr’t de Grienedyk syn namme
fervet oeral yn it rûn:
blêden, gers ek ek de stammen
libje yn in grien ferbûn
mei dy ieuwenâlde dyk.

Image

admin

Nei in tongernacht

Lyrysk Deiboek

sneon, 25 juny 2005

In nacht mei felle wjerljocht, swiere klappen,
komt de dei mei stoarmkrêft op ‘e lappen,
sa klonk de skipperswiisheid fan ús heit
troch al syn libbensjierren hinne,
hy wit noch altyd wat er seit,
sa tink ik op myn lang ein rinnen
de oare moarns mei wynkrêft sân
yn twirren oer de Snitser mar,
tsjin wolken dy’t de loft berinne
as trimmers oer it Pottenstrân.

Mar tusken lân en mar dêr leit
noch stil de float fan flugge boaten,
ferskûle ûnder tint’ en seil,
te harkjen hoe’t it komt en waait
en wachtsjend op ‘e stjitten fan de hoarn;
wannear’t dy klinkt oer weach en reid,
in lange toan, dan giet it oan:
de seilen krûpe nei de hichte,
de silers skuorre oan de skoaten,
de boaten teare nei de lichte
en brûze op ‘e boeien oan.
Want nei in nacht mei felle wjerljocht, swiere klappen,
komme se mei wynkrêft sân noch altyd op ‘e lappen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum