Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De frjemdte yn

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Giovanni Francesco Barbarie*

Wat hied er lokkich mei har west,
mei Hagar en ek Ismaël,
syn twadde frou en harren soantsje,
by Sara wiene beide net yn tel,
sy spriek de ban, hy soarge foar de rest.

Wat wied er lokkich mei it lûd
fan Izaäk, al lang foarsein
en op syn âlde dei noch berne,
oant Ismaël him narre, as ferslein
beharke hy de ban oer ’t eigen bloed.

Image

Djip ûngelokkich moast er dwaan
wat yngie tsjin syn eigen moed:
dy beide yn de frjemdte stjoere,
in fingerwizing en in lêste groet,
dat wie de rest, wat koed er oars noch jaan?

* Giovanni Francesco Barbarie (1591-1666)

admin

Blauwe belofte

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*
Hy hie it heard, mar ’t kaam net út,
de berte fan in eigen soan,
de heit fan withoefolle slachten,
hy lei faak wekker oant de iere moarn
en dreamde oer de takomst ta beslút.

Image

Se komme op syn stamkamp ta,
de trije yn in blauwe dracht,
wat no, hy hie se net ferwachte,
op knibbels slacht er op har sizzen acht,
sy bliuwe oant se ’t miel en ’t wurd hân ha.

Hy hat it heard, no komt it út,
de berte fan in eigen soan,
as man en frou al lang op wachte,
mar Sara laket op in spotske toan
har langstme fuort: myn jonkje, hjir, in tút.

* In yllustraasje út ‘Les Petites Heures’,
dêr’t Jean, hartoch fan Berry
de opdracht ta joech.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum