september 19, 2016
fan ûnbekend* Lit de wyn as azem strike oer it wetter fan de Nyl, dy’t riist om grûn te jaan en as de weagen wike, sil de boer syn slach straks slaan. Lit de boer syn azem wije Lit syn frou it offer drage, * Muorreskildering ‘Ploegje mei oksen’ * Beskildere kalkstien ‘Offerdraachster’ |
september 19, 2016
fan ûnbekend* Hy wie de jongste fan de jagers, skerp fan eagen, wifkjend noch fan hân, seach wol de bûgde bizonkop en ’t hynder yn ferstive stân, mar dêrmei hold syn jacht wol op.De jagers gniisden om syn hannen dy’t gjin faasje oan de pylken joech, mar nimmen seach syn eachopslach dêr’t hy de bylden mei opsloech, foar bist en byld hie hy ûntsach. Syn hannen wifken net doe’t dy de * Tekeningen mei ierdekleuren |