Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rjochte streken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Opdroegen oan skiedkundige Geert Bakker

Hy rydt út Snits, de Mardyk del,
parkeart dan by de brêge,
deselde tiid as op bestel
fan Potskar en Legeaen.

Mar foar’t er it wer weaget,
dei út dei yn deselde dyk,
befrijt er earst syn trouwe hûn
en nimt syn beide krukken,
in rjochte steun foar heup en skonk,
as gong er sa op wjukken
oer ’t gea, der jierren mei ferbûn,
yn simmer- en yn winterpronk,
mar dêr’t er ek de djipte fûn
fan hoe’t de Snitser mar ûntstie,
syn stúdzje oer ’t ferline,
doe’t noch gjin pot of poel bestie,
mar bodders groeven sleatten,
al krom fan stive pine,
gjin lijen hold har tsjin om rjocht
de kilometers wetter
te graven troch it fean, dat sljocht
fan Gau oant G’ryp derhinne lei;
mar doe’t de stoarmfloed letter
de feangrûn fierder fuortfriet,
ûntstiene mar en potten,
it brede wetter dat noch skiedt
de rigelrjochte streken mei
it wiet fan smelle sleatten.

Hy rint noch altyd oer dy dyk,
de skiednisman op krukken,
genietsjend no, in swan allyk,
in rjochte streek op wjukken.

Image

admin

Optimist

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se kamen foar in kursus Optimist,
twa fammen, noch gjin tsien,
nei tweintich oeren yn it blauwe bakje
oan it roer, yn waar en wyn,
dy boei oan bakboard nei dat skrale rakje,
wiene se noch altyd optimist.

Image

Hoe soe it oars mei bern fan noch gjin tsien
dy’t tweintich dreamen ha,
in eigen skipke mei in gouden dakje,
sels de baas en foar de wyn,
gjin boeien, boarden, sûnder hakketakjen
silend op dy iene topdream ta.

Image

Image

Hoe koe it oars, it hie dan wol blau bloed,
dat swarte Fryske bist,
mar ’t paste net yn harren blauwe bakje,
dochs wie ’t memmehynder goed
genôch foar stâl en bak mei gouden dakje,
dream fan noch gjin tsien jier optimist.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum