Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Poepetoer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1966

Image
Hylke de Vries

Wa kin sportman Hylke net,
in keardel fan de traap en taap
op ’t fuotbalfjild en it biljert,
de hannen oan de skoat en ’t roer
en skipperspraat rjocht foar de raap,
mar ’t djipste wie syn poepetoer,
dat wit it wâlfolk net.

Image

Hylke sylde lang ferlyn
mei ‘Hoop op Welvaart’ yn de striid
skerp oan de wyn de Tynje yn,
doe’t foar de kop in lytser skip
net wike koe, mar krekt op tiid
fluch mei in dûk kriich Hylke grip
en rêde sa in bern.

Image
Jan Sietema (Poep)

Nei de earste poepetoer
waard Hylke set foar nûmer twa:
as skipper fan de Poep oan ’t roer,
dy’t sile soe foar Earnewâld;
’t ferneamde skip fan Sietema
liet Hylke dûke as in rôt,
mar stridend gong ’t ferlern.

Image

admin

Prins en Poep

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1965

Image
foto Obbema

Hûndertfyftich kear in hurdsyldei
waard fierd yn sfearen fan tradysje:
de rûne float die oan de optocht mei,
de platte soe de seilen hysje.

’t Prinsdom naam de skou ôf fan de float:
de boeiers, tsjotters, botters, aken,
it spul fan alle heins en drank oan board,
in dei foar hûndertfyftich smaken.

Spultsjefarre wie foar ’t rûne hout,
mar ’t platte stiel soe folop stride,
dat wie de skûtsjeskippers tabetroud
al wrottend troch de minne tiden.

Image

Yn de skûtsjefloat liet Earnewâld
de Poep fan Sietema wer farre;
de rook fan tar en taan hat yn de wrâld
fan ’t prinslik spul gjin noaster sparre.

Hûndertfyftich kear in hurdsyldei
mei yn de haadrol de tradysje
fan Prins en Poep yn aksje foar en nei
en tsien as stjonkende posysje.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum