Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Floatskou

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
By gelegenheid fan 125 jier
skipsbou Van der Meulen
op 23 septimber 2005

De skimer strykt oer grêft en kolk,
in kleed dat no noch kleurleas is,
de oergong, lykas juster, nei de nacht,
oant by de brêgen komt wat folk,
dat by it iepengean de eagen draait
nei wat no noch as heimenis
mei ljocht it brêgegat yn swaait…Image

… it ljocht dat wappert oer it hout,
antyk mei ark en hannen brocht
yn foarm fan boeier, jol en skou,
no glidend lykas stjoerde skout
by nacht syn skippen sljocht en rjocht
op Snits syn wetterpoarte ôf,
mar by de Wâldfeart sjongt it koar
syn shantys suver en mei nocht
draait op ‘e kaai it tsjil foar tou
yn kleuren, stil foar ’t skerpst gehoar,
om fêst te lizzen jol oan skou…

Image

… by Snitser wetterpoarte brekt
it los, it flitst en swingend fiert
it folk it feest mei Bogerman
syn bigband, beide ljocht en liet,
se strike oer it glêde hout…

Image

… wat âld wie, wurdt fan dizze tiid,
it flamjend fakkelljocht fertrout
wat sketterjend oer ’t wetter giet,
de harmony dy’t fierder bout.

Image

admin

De iepen toer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
By gelegenheid fan de tsjerketsjinst
op 25 septimber 2005 yn Itens

Image

Noch hinget oer it gea it djippe griis,
mar hark, de moarntiid ropt it ljocht,
dat by it lieden fan de klok ferriist
foar ’t each dat noch gjin skerpte sjocht.

Earst troch de djipte fan it Wurd dat klinkt
oer Him dy’t troch de djipte teach
fan ûnrjocht, dêr’t de hoop op rjocht yn sinkt,
dan dochs it ljocht wer sjocht en seach.

No ljochtet oan de loft de wite wolk
en sjoch, it djippe griis waait oer,
it gea is fol fan optsjend, rjochtút folk,
dat opsjocht nei de iepen toer.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum