Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei it spul

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Se hiene him as slaaf ferkocht,
de eigenwize broer
liet harren kâld, de haat wie oer,
gjinien dy’t noch oan Joazef tocht.

De honger dreau har op ‘en paad,
elk mei in lege sek,
se tochten oan har broer, wie ’t gek?
Deselde wei foar eigen baat.

Se krigen alle sekken fol,
’t wie hinne en werom,
in spul fan eigen jild, wol stom,
dy hege hear wie gek of gol.

Doe woed er ek de jongste sjen,
it gie om Benjamin,
in spul fan bekerdief tsjin ’t sin,
se hiene gokt, foargoed ferlern.

Dêr stie er foar syn hege troan:
”k Bin Joazef, jimme broer!’
Se waarden kâld, it spul wie oer,
hy helle ien foar ien doe oan.

Image

* Yllustraasje ‘Joazef makket him oan syn broers bekend’

admin

Fjirtjin jier nôtwurk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Joazef kriich de keatting om,
gjin bongel oan de foet,
mar om de hals Egyptes goud,
want farao fûn ’t mear as goed
dat hy yn status klom.

Image

’t Koe net op, dy earste sân
jier folle net genôch,
de skuorren rekken mear as fol,
dat Joazefs rie wie net omdôch,
kaam letter út ‘e hân.

’t Rekke op, gjin wolk mei rein,
de fjilden sûnder nôt,
elk wist, it duorret sân jier lang,
mar Joazef dielde mannichfâld,
oan farao foarsein.

Image

* Bylden fan it mozayk
yn de San Marko basilyk
te Fenetië

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum