Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Farferbod

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1970

Image

Wat tichterby wat better sicht
op hoe’t de skippers stride,
mar it wetter rekket ticht
mei boatsjes, eigen en ek hierde.

De skipper skelt syn strôte heas:
‘Dêrwei, ferdomme, kloaten!’
Mar de kloaten rôlje kreas
krekt tusken boei en ‘bolle boaten’.

‘Se fine my miskien in seur,’
sei Dicky* fan de Panne,
‘sjitte mei in mitrailleur
kin ’t folk net fan de mar ôf banne.’

Doe kaam er op it farferbod
foar alle wedstriidmarren,
skippers soene dan as god
sa from de lege rûte farre.

Gjin kloaten mear op ’t skûtsjefjild,
mar wol de reade bollen,
om’t tenei de regel jildt:
derachter, dat gjin deaden falle.

* Dicky van der Werf

Image

admin

Londen wachtet

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1970

Image

Ha Fryske skippers net de see befearn
op aken mei de bun fol grouwe iel,
de weagen oer nei Londen?
Sy krigen foar de kilo’s ek har diel
yn pûnen, leech de bun en heech it lean.

Wol deale, gong it troch it glêde brein
fan Loadewyk, de see kin ik ek oer,
want Londen is foar Meeter,
en slacht it seegeweld my fan it roer,
dan swim ik mei de iel dat hiele ein.

De skipper doarst it net allinnich oan
en sylde ’t plan earst nei de SKS,
want Huzum is foar Fryslân;
doe krige Loadewyk de wize les:
lit dy fersekerje foar frou en soan.

Hiel Londen stie yn july op ien ein
te wachtsjen op it teken fan LM,
want Meeter soe nei Londen,
mar oan de kym wie Huzum net te sjen:
as kampioen hat er syn slach hjir slein.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum