Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Om it bollekeal

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Cosimo Rosselli*

De berch wie heech, it duorre lang,
te lang foar ’t ûngeduldich folk,
fergetten wie de tongerwolk,
gjin minske fielde him noch bang.

It rûn op demonstrearjen út:
‘Jou ús in god om oan te sjen,
mei Mozes is ús hoop ferlern!’
Aäron wifke foar ’t beslút.

De broer seach oars net as de glâns
fan slaveringen fan de frou,
dy moasten fan de earen ôf,
dan kriich it folk in nije kâns.

Hy beitele in âld ûntwerp
en geat it goud yn keallefoarm,
yn striid mei wat bestie as noarm,
Aäron seach it net mear skerp.

’t Waard moarn, it gie der frjemd omwei,
it hiele folk die soks net heal,
it dûnse om it bollekeal
en stoeide fûl, wat alles sei.

Image
detail

* Cosimo Rosselli (1439-1507)
Skilderij ‘It oanbidden fan it gouden keal’

admin

Wurden yn stien

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rafaëls rûnte*
Al trije moannen ha se rûn,
net langer ûnder ’t slavejok,
mar frij om fier te gean,
de kneppel waard in gongelstok,
ynienen bliuwt dy stean.

In berch riist as in teken op:
net fierder, want hjir giet it oan,
sjoch Mozes yn de klim
fier boppe ’t folk, hy wit it skoan,
de Iene ropt hjoed him.

Nei trije dagen skokt de grûn,
de wjerljocht flitst, de tonger beart,
de Iene ropt hjoed sa,
wol dat it folk de Wurden leart,
Hy komt op Mozes ta.

De Iene sprekt fan ien oant tsien
op stien, en rikt dy Mozes oan,
op elke earm komt ien,
de reek lûkt op, der klinkt in hoarn,
it oangean is no dien.

Image

* Rûnte om Rafaël hinne (begjin sechtjinde ieu)
Fresko yn de Fatikaanske loggia’s

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum