Willem Tjerkstra’s thússide
admin

By de dea fan heit

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wylst ljocht de omkant tekenet
fan seil en fok heech oan de mêst
op skûtsje en op klipper,
fyts ik fertiisd en sûnder rêst
yn tinzen nei syn wente,
dêr’t heit no yn de kiste leit,
syn skûtsje sûnder hichte
fan mêst en ljochtsjend túch, mar ’t seit
my mei dat iene tichte
en lakte lûk jûn folle mear
as tuorrehege klippers…

Image

… dêr leit er ûnder glês en seil,
syn byld as silend skipper
fersonken ta it lege peil
fan ivich stilsteand wetter,
in spegel foar de lêste kear
mei twa gesichten, better
ferliking jout gjin inkeld glês,
want heit en bern, yn libben
en yn de djipte fan de rêst,
sy bliuwe heech besibbe.

Image

admin

Mei mem

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It dykje tusken spoar en tsjerkhôf,
de rûte fan de iere sneintemoarn,
bewekke troch de stobbewylgen
op âlde skonken, mar noch lang net stoarn,
sy skôgje oer wat leit ferdylge
troch wrede dea, mar mei it libben byld
foar eagen fan har eigen nij begjin…

Image

… dat dykje, tusken lûd en stilte,
fernijt my alle sneinen fan de sin
om stil te stean, gefoel fan tilte
belibje tusken dea en libben yn,
sa stean ik as de stobbewylgen,
de rêch nei ’t spoar, te skôgjen oer it hôf,
oant ik har glânzjend swarte grêfstien fyn…

Image

… it glimkjend antlit kommend tusken ’t grien
fan âlde wylgen, libben byld fan stof
dat opstiet alle sneinen op ‘e nij,
har geast, de blêden rûzje op ‘e wyn,
tegearre sweve wy har stien foarby.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum