Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stoomfolk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tusken stekken stiet it folk
as bisten yn de jister,
wachtsjend op ‘e wite wolk,
want gjin Snitser mist der.

Image

Daliks stappe minsken yn
mei ’t sisterjen yn earen,
wylst it reekroet makket blyn,
hearst it stoomfolk bearen.

Image

Earst in boarrel foar de toarst
en sjoch, dêr komt it meunster,
stomend fan emoasjekoarts,
ynspirearjend keunstner.

Image

Seis retoers en ’t is foarby,
farwol nostalgysk wûnder,
mar it boerd ’te keap’ docht nij:
Snits kin der net sûnder.

Image

Keapjen soarget foar retoer
fan folle mear wykeinen,
bisten lykwols jouwe ’t oer,
sjoch mar nei de einen.

Image

admin

Noisekick

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Koest telle de gesichten,
dan kaamst op tûzen út,
se seagen nei de hichte
fan trije flaggen heal
oplutsen om de lichte
te tsjutten fan it brút
geweld en sletten eagen
en earen foar de dea
fan minsken dy’t gjin leagen
fernearden oer wat ea
ta bot terreur ferplichte.

En likefolle rêgen
fertelden fan de tiid
dat minsken dernei seagen
en hearden ek hoe wiid
de twa minuten wiene
fan stilte, tik nei tik,
en sjoch, dy rêch, dy iene,
in jonge noch, hy wie
der ek, in brede brêge
lit sizze tusken skot
fan no en doe… in kick:
terreur tot op het bot.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum