Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Showe foar oranje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1974

Image

It wie noch mar yn maaie
doe’t it twirre yn de skûtsjewrâld
fan sille wy oranje showe
dat ús skippen maklik draaie
by it Prinsehôf fan Earnewâld?

Gjin twirren doe’t se kamen,
gjin gewoan publyk op it terras,
dêr hoegden se net foar te showen,
lykwols soene se wol wrame,
’t seil derby en sjoch, dêr gie it los.

It pear, it is gjin leagen,
seach hoe’t skippers, oan oranje trou,
mei bolle wangen twirkes showden,
wylst it koar song fan de weagen:
‘Rôlje, rôlje om it âlde Grou.’

Image


admin

Oaljekrisis

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1974

It waard yn Koeweit kile kile
doe’t de sjeik gjin oalje joech,
de krisis hat de wrâld oer spile,
dat yn tsjerke en de kroech
waard frege: ‘Kinne se noch sile?’

Image

It lei op elk syn silerslippen:
‘As der moarn gjin oalje is,
hoe komt it mei de grutte skippen,
want dy rinne net op pis,
gjin skûtsje kin himsels bedrippe.’

Doe reizgen Fryske deputearren
nei De Haach, dat Lubbers him
yn Koeweit oppenearre,
omdat syn ministersstim
gjin sjeik of oaljekraan frustrearre.

Mar as de sjeik it spul al spile
fan gjin folchskip kriget syn gerak,
hoe soene skûtsjes dan net sile
lykas earst fan plak nei plak,
al waard it dan ek kile kile.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum