Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Learend kampioenskip

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1973

Image

Seis oere op dy freedtemoarn,
de dei fan wa wurdt kampioen,
stie in kandidaat te meditearen:
hoe kaam er by de finish oan,
de start soe it wol leare.

It waar joech him wat stiltsjes oan,
de fraach wie wa’t de twirkes wûn,
dy waard winner, kampioen mei eare:
kriich Jan* of Loadewyk** de kroan,
de striid soe it wol leare.

De start wie letter as gewoan
en learde dat geduld sa sûn
wol wie as te swarren en te bearen:
Jan prate op bedaarde toan,
de tiid soe it wol leare.

De striid joech him net spannend oan
en learde dat de Pan wol rûn,
troch gjin lûde Loadewyk te kearen:
sa wie foar Jan de start al skoan,
de finish soe it leare.

Image

admin

Foar de harsens

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1973

Image

Hoe krigen se de gong deryn,
dat Lemsters út ‘e skroeven rekken,
toeters balten, klokken letten?
Sile, blinder, batse oan de wyn,
al is it tusken skippersfletten.

De slepers fan in ieu ferlyn
ha fluite, stome no as gekken
wylst se swarte reek útblaze
streekrjocht nei De Lemmer oan de wyn
om Sietse* nei de priis te razen.

Image

De Lemsters is it net nei ’t sin,
want as it skûtsje achter rekket,
lit it folk syn reekwolk hearre:
‘O, wat sylt it Lemster skûtsje min,
it resultaat is om te stjerren!’

Mar Sietse hold de moed deryn,
wie net benaud foar grutte bekken,
dronk dy jûn allinnich kassis,
dat syn geast lei skerper oan de wyn:
‘Sis ’t my mar streekrjocht foar de harsens!’

* Sietse Hobma

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum