Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hazzelyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dy iere moarn wie hy begûn
mei trimmen troch it lange gers
nei’t mem noch sein hie: ‘Jonge, wês
foarsichtich, bliuw op griene grûn!’

Mar griener wie it fierderop,
de dyk oer, troch de hikkedaam,
de leppels op syn kreaze kop
fergeat er oant er wat fernaam.

Se kamen efkes noch oerein,
syn harkantennes foar gefaar,
motorisearre is er flein
de loft yn, naam al neat mear waar.

Image

Hy lei op ‘e betonnen dyk
mei eagen brutsen yn de kop,
in skries fleach fan de hikke op
en klage skriemend boppe ’t lyk.

Image

< Foarige
admin

Mêsten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat djip lei yn de ierde,
groeide út ta tuorrebout,
dy’t yn de hichte fierde
fleugelmêst, mar sûnder bout.

Wat djip stie yn de ierde,
groeide út ta mêst fan hout,
dy’t nei de hichte fierde
’t seil mei dynamyk fertroud.

Yn iere moarntiid stiene
tuorrebouten en de mêst
fan ’t aakje yn fergiene
gloarje en folsleine rêst.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum