Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wiffe rêgen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1977

Foar Lodewyk* wie ’t net te dwaan,
de wâl en wyn fan Earnewâld
besoargen him in stive rêch.
Wa woe de skipper ha al âld?
Dochs moast er ’t roer oan Eldert jaan.

Image

Dy âldste soan lei achteroan,
syn oare** foer foar Earnewâld
op eigen wetter nei plak acht.
Wat moast er wurde, waarm of kâld?
’t Waard lij sa tusken soan en soan.

Image

De Lemmer lei dy dei foaroan,
sa fier dat dy oan ’t winnen wie,
dat Sietse*** siet mei rjochte rêch
oant Grou de lêste slach noch die,
doe foel de skipper fan syn troan.

Image

* Lodewijk Meeter
** Hidzer Meeter
*** Sietse Hobma

admin

Heech krop

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1977

Image

Foel it seil fan Siete* slop?
Hy moast der net oan tinke
dat dy Gerritsma it koartsje soe,
dan liet er ’t skip noch leaver sinke.

Dêrom seage hy de kop
earst fan de kont, de boegen
gûlden om’t it skip wol sinke soe,
mar dwerstroch barde op it droege.

Sa’t de skipper stiek it krop
foarút om de prestaasje,
waard it skip wat langer, dat it soe
de striid wol sile mei mear faasje.

Waard it seil fan Siete slop?
Hy mocht mear meters sette,
om’t dy Gerritsma net koartsje koe
fanwege ’t hege krop op ’t wetter.

Image

* Siete Meeter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum