Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Byldestoarm

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Dirck van Delen*

It sljochte folk siet tusken hagen
stil te harkjen nei de preek
mei wurden byldzjend foar de leek,
it wie yn ’t lêste fan de dagen.

’t Wie út mei alle roomske bylden,
want sa stie it yn de Wet,
dêrfoar op knibbels paste net:
tsjoch op mei ljedders, tou en bilen.

Image

De bylden foelen op ‘e flierren,
dat gjin hillige bleau hiel,
Marije krige ek har diel,
sa hat de preek him iepenbierre.

It sljochte folk wie neat tefolle,
krige minstens syn gerak
mei yn de lege tsjerke plak
en ’t byldzjend wurd noch yn de holle.

* Dirck van Delen (sirka 1605-1671)
Skilderij ‘De byldestoarm’

admin

Swierwichtige kening

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Hans Holbein de Jongere*
Image

Hy wie de achtste Hindrik
op ‘e troan fan Ingelân,
swierwichtich kening, breed fan sin,
hold keunst en wittenskip yn stân,
mar gie as minske op ‘e rin.

Hy libbe mei seis froulju,
makke ’t mei de measte út
troch skieding en de dea mei ’t swurd,
gjin paus feroare syn beslút,
want wa’t gjin nut hie, sloech er fuort.

Sels waard er slein troch ’t hynder
mei ’t gewicht fol op syn lea
en skonken, foar it each panyk,
mar ûnderhûdsk sloech ta de dea,
gjin lyk lykwols, de foarst wie bryk.

It telde op yn ’t libben
fan de kening, trettjin kear
per dei in miel, seis liter bier,
sa rekke hy foar ’t stjerren klear,
wol hûnderttachtich kilo swier.

* Hans Holbein de Jongere (sirka 1497-1543)
Skilderij ‘Hindrik VIII’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum