Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Needhoarn

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1979

Image
Ut Skûtsjesjoernaal 1977

De hoarn klonk foar it skip yn need:
it is in toer om folk te krijen
foar de fjirtjin dagen op it dek;
it fynt it silen lang net gek,
mar mei in frou dan wurdt it lijen.

De frou blaast fan de heechste toer:
it manljusfolk sil net ris tinke:
fyftich wiken is se yn it spier,
hat twa fakânsje yn it jier,
dus lit de skûtsjefloat mar sinke.

It folk tinkt oan de âlde tiid:
it skûtsje wie foar allegearre,
frou en bern gesellich op ‘e wâl,
de manlju mei it silen mâl,
gjin needhoarn koe de sfear bedjerre.

Image
Ut ‘e kolleksje fan Frans Huitema

admin

Stien en stiel

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1979

De Jouwer mei syn tsjerketuorren,
rûnom sichtber yn it middengea
fan Fryslân, mar De Vries* en Tjerkstra**,
skipper west mei hiel de lea
en siele, rûnen tsjin in muorre.

Image

Twa skippers dy’t de hichte hiene,
mar net sichtber foar de bûtenwrâld,
betanken, want har stielen koppen
wiene hurd, mar noch net âld,
foar earst de wite, doe de griene.

Image

It koe net oan de kleuren lizze,
want it wyt wie suver, dus gjin spul,
en grien joech hoop op earste prizen,
sile dus, gjin flauwe kul,
’t is hurd, mar stien en stiel beslisse.

* Hielke de Vries
** Sipke Tjerkstra

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum