Willem Tjerkstra’s thússide
admin

In twadde Goliat

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

De âlde fijân spriek wer op
as yn de tiid fan Goliat
mei flokken, dat it die sawat,
mar David rekke krekt syn kop.

De âlde David teach ek mei
en rekke yn in fûl gefjocht,
hy hie fan ’t striden skjin syn nocht,
in reuzefjochter kaam him nei.

Abisjai wie noch krekt op tiid
en rekke mei syn swurd de oar:
in twadde Goliat dy’t stoar,
mar Davids liif kaam út ‘e striid.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Abisjai rêdt David’

admin

Memmeleafde yn de rou

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Kin in hongersneed fan trije jier
de grime wêze fan de Iene
om de bloedskuld fan foarst Saul:
de moarderij yn Gibeön?
Dat wie yn it ferline,
mar soks giet no dochs fierste fier?

Kin de kening Saul syn soannen jaan
oan Gibeön om fêst te binen
om de bloedskuld fan har heit?
Sân hongen tusken grûn en loft.
Dat wie yn it ferline,
no soe men soks dochs net mear dwaan?

Kin in mem wat oars dwaan by de dea
as har ûntfermje oer de liken
fan har soannen yn de loft?
Sy jage fuort it aazjend wyld.
Sa jout in mem har siken
de tiden troch yn watfoar gea.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Rispa beskermet de liken fan har soannen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum