Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De Poep

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
Ik seach him lizzen yn de Aldfeart,
it Piipster skûtsje Jonge Jan,
en fielde dat it bloed wer kroep
nei plakken dêr’t myn freugde ’t ynsleat:
de rûne foarmen en behelle kont,
sa wie it skûtsje fan de Poep.

Se libben op it skip tegearre:
Jan Poep mei soargjend suster Jel
hie frijheid as bestimming fûn;
gjin smoargens koe de sfear bedjerre,
want beide sieten yn sûn fel
en waarden ek noch kampioen.

Image

Ik seach de Poep dêr net mear lizzen
en tocht: dy sylt hjoed op ‘e mar,
myn bloed kroep wer nei Jan en Jel,
mar amateurs besylden dizze
dei regelfêst de rûtes, dat
wat moast ik oars as jou my del.

Image

admin

Rige

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se ha it miel wer jûn,
it jaar befrijd fan lêst
dy’t oars gjin romte fûn
as yn de tank, wol bêst
genôch, want no’t it bern
gjin lêst mear jout oan ’t hert
fan mem, hat sy ferlern
’t gefoel en is se set
yn ’t ramt fan sirkelgong
fan stâl nei greide, gers
as fretten, kôgje, dong
foar groei en dan de rêst,
wjerkôgje, fjouwer kear
in mage yn, wol bêst
genôch, der is net mear
as sirkelje, hoewol…

se stelle harren op,
want jaren rinne fol,
in rige, kont oan kop.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum