Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skuldjild

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gerbrand van Eeckhout*

Image

’t Wie by de terskflier fan Arauna
dat de swarte ingel fan de pest
it boadskip kriich: no is it dien,
de dea hat lang genôch al master west.

’t Wie op ‘e terskflier fan Arauna
dêr’t de kening foar it offer kaam,
it boadskip wie: ik ha it dien,
de peststraf dy’t safolle libbens naam.

De terskflier woe de kening keapje,
mar Arauna bea foar neat dy oan
mei kij en hout en offerstien,
’t wie foar it goede doel mei sicht op moarn.

Mar David woe dêr neat fan witte,
fielde skuld, hy hie oan ’t tellen west,
dat hat er foar de flier ek dien,
it fjoer ferdreau it tsjuster fan de pest.

* Gerbrand van Eeckhout (1621-1674)
Skilderij ‘De ingel ferskynt oan Arauna’

admin

Nei de folkstelling

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Pieter Fransz de Grebber*
fan Gustave Doré**

Stjoere minsken harren god
of is ’t oarsom: stjoert Hy de minsken?
Dit liket op it lot,
it earste giet om winsken.

Stjoerde God op tellen oan
of wie it Davids eigen stribjen?
De macht siet op ‘e troan
en woe mei sifers libje.

Stjoerde God doe syn profeet
dy’t David kieze liet út trije?
Ien straf krong troch it kleed
fan ’t folk, ûndraachlik lijen.

Image

Hie de kening echt berou?
Hy koe de konsekwinsje witte:
de pest sloech man en frou,
soe hy de bern ferjitte?

Wie it God dy’t stjerre liet
safolle folk yn plak fan David?
Of gie it sa’t dat giet:
de deade wurdt beklage.

Stjoere minsken harren god
of is ’t oarsom: stjoert Hy de minsken?
Dit liket op it lot,
it earste giet om winsken.

Image

* Pieter Fransz de Grebber (1600-1652/1653)
Skilderij ‘Beroufolle David kiest út trije pleagen’

** Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘De pest yn Israel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum