Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Noch yn libben

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

Image

De nacht wie lang, mar hy oerlibbe
waar en wyn, sa’t hy dêr lei,
ús konifear, mei brutsen ribben
tsjin de muorre, ’t like faai.

Wy bellen Empatec, ús lêste
hoop op in foartidich ein,
mar ’t slagge net mei ’t ivich rêsten,
want te lyts wie harren wein.

Diagonaal lei hy derhinne,
mankrêft krige him net rjocht,
in kraan soe ’t swiere wurk oan kinne,
mar oan tiid waard doe net tocht.

It duorre noch wol trije dagen
foar ús earme konifear,
it like as de tiid fertrage,
dêroer mear de oare kear.

Image

admin

Stjerrende konifear

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

Image

Hjoed hat ús konifear de geast jûn,
geast fan hege weardichheid,
de beam fan allegear it meast sûn,
is ûntset derhinne waaid.

Image

In fearnsieu hat er ús beskade
simmers yn de sinneskyn
en as de stoarm him fûl ûntlade,
bleauwen wy wol út ‘e wyn.

Image

Fanmiddei yn de fûlste stjitten
hold syn woartel him net fêst,
de ierde moast him falle litte,
skean en skeind fûn hy wat rêst.

Image

Wy ha it medysk team doe skille,
fregen om eutanasy,
mar nimmen wie ús hjoed tewille,
moasten sels mar ta de die.

Image

Wat skruten hellen wy de seage,
rustich en sa stomp as wat,
ik soe, mar it gewisse pleage,
seagjend stiest dêr dan foar spot.

Image

Wy sille no fannacht mar wekje
by ús swakke konifear,
wylst wach op ek mar ’t lytste brekje,
moarn fertelle wy wol mear.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum