Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan it famke Mozes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wy sille hjoed de lytse faam besjonge
dy’t foar dea kaam op ‘e wrâld,
want wetter soe har libben nimme
yn it tichte Irian Jaja’s wâld.

Sy hie in protte fan de lytse jonge
Mozes yn Egyptelân,
twa drippen yn deselde sinne,
kleurebôge op ‘e heehste stân.

It jonkje mocht fan farao net libje,
dêrom dreau it op ‘e Nyl
yn ’t kuorke fan wat flochten reiden,
roerleas en ek sûnder swurd of kyl.

Wêr soe sa’n berntsje noch nei stribje
sûnder takomst op ‘e grûn
fan Irian Jaja of Egypte,
as gjinien ’t de muoite wurdich fûn?

It liet oer ’t famke sil no fierder klinke,
as begjin it sikehûs:
har berte, tagelyk mei ’t suske,
brocht gjin lok, gjin leafde by de rûs.

De moaiste fan de twilling waard as flinke
faam de tiid fan libjen jûn,
de sleauwe koe gjin sprekken lije,
sy wie mei de drinkeldea ferbûn.

De mem, al daliks oansjoen foar in klitse
dy’t in bosgod leave hie,
fersmiet har iene lytse poppe
as ûneigen oan de stammerie.

It sleauwe famke kaam wol yn in widske,
lykwols net yn de rivier,
sy waard as Mozes adoptearre
troch in blanke frou foar mannich jier.

Har libben waard besjoen as minderweardich,
klasgenoaten narren har,
sy waard troch eigen folk negearre,
mar bleau boppe wetter, yn it far.

Sy foer har eigen koers, waard fluch en feardich
yn it learen en de taal,
sy fielde har as Mozes roppen,
tsjinstber yn in parallelferhaal.

De faam waard frou, studearre ôf as dokter,
brocht it yn it libben fier:
se brocht fan ûnderen nei boppen
eigen minsken troch de deadsrivier.

Image

admin

Ferhaal helje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sjoch ek: Lyrysk Deiboek Noisekick

Sy kamen middeis oan de doar,
sân jonges om ferhaal te heljen
oer de fjouwermaaiejûn.
Ik stie ferheard oer it ferhoar,
it like wat op protestearjen:
‘Wy ha op internet wat fûn.’

Image

Se draaiden ien fan harren om,
syn swarte rêch koe wat fertelle
oer ’terreur tot op het bot’.
Dy tekst, ik wist dêr gie it om,
woe ik dy doe bekritisearje?
‘Jawis, wy fûnen dat wol wat!’

Ik fûn ’t fet koel dy iepen kaart
fan harren oer hoe’t sy no tinke:
‘Fertel it yn dyn eigen taal
sa’t op ‘e rêch stiet fan ús maat.’
Op dit gedicht wol ik basearje
wat dy sân my fregen: myn ferhaal.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum