| fan ûnbekend* De ingels koene noch sa sjongeen de hoeders drave nei de stâl,
 dêrnei de wizen mei har ponge
 fol, it meitsje fierste mâl,
 dêr geane se yn ’t hout fan iken
 út ‘e stâl wei op ‘e flecht,
 omdat Herodus ’t min ta like
 om te wiken foar wat like echt.
 
 Do Jozef sjoust de tas mei doekenoan in stôk, foar dy net al te swier,
 dyn partner moat der aanst ien brûke:
 Jezus is in bern wiswier.
 Marije, do befielst de doeken,dweiltrochwiet, en draachst it bern oan ’t hert,
 dyn swierte wurdt beskreaun yn boeken,
 mar wat komt, dat witst noch net.
 Do ezel stapst oer ’t ûnigalegea, fan bertestêd nei deadelân,
 en draachst it dûbel yn ferhalen,
 hast noch mar de helte hân.
 
 Dêr stiesto, ezel, no noch sûnderswierte, mar sjedêr Jeruzalem!
 Dyn rêch draacht sa it keningswûnder,
 balt hosanna no foar Him!
 Want moarn dan riist it hout fan iken
 op it ûnigale gea
 en hinget tusken liken
 ’t lyk fan Him, want Hy is dea…
  **
 * Dit byldsje is in ûnderdiel fan it middenpanielfan in alter.
 It wie earst beskildere, mar yn de njoggentjinde ieu
 ha se de kleur fan it ikehout wer foar it ljocht helle.
 It byldsje is makke yn it begjin fan de sechtjinde ieu
 troch in Hollânske keunstner.
 ** Dit is in detail fan in skeind krúsbyldmei de namme ‘Corpus Christi’ út sirka 1525,
 makke troch in ûnbekende keunstner.
 
 |