| Ut it skûtsje-argyf 1982
   
It trille boppe de seedyk 
en op it wetter leine twirkes 
dy’t net heger kamen as it swurd, 
de tugen woene net omlyk, 
it swit rûn oer de lippen yn it burd. 
  
Der rûn in trilling troch de lea, 
wylst hiel syn rûge troanje blierke 
op it earste plak, want neat gie mis, 
hy kniep mei Boalsert oaren dea, 
syn lange libben wie mei lok wol wis. 
  
Hy heinde alle twirkes op 
en seach it troch de glêzen sitten 
ûnder hege spanning, sûnder wurd 
oer wat him spile yn de kop: 
De Jouwer earste mei it swit yn ’t burd. 
Dêr dreau it op ‘e finish ta, 
’t ferskil wie suver net te mjitten, 
J en B gelyk fan seil en fok, 
wa kaam op ien en wa waard twa? 
It burd net, mar de troanje blonk fan lok. 
 
  |