De striid hat west, de haven lûkt, 
gjin kâns om hjoed te winnen, 
hy wie as lêste binnen, 
mar beide ha de bealich brûkt, 
mei wyn en weagen striden, 
want wa’t him jout oan ’t wide, 
ferjit de lea, de finish lûkt… 
mar moarn sil ’t wer begjinne, 
dan is er hiel allinne 
en wurdt er sels de dei troch brûkt. 
In miuw fleach foar him út, 
besocht him oan te wizen 
it striken en it rizen 
fan wjukken yn de flecht. 
  
Ynienen wie de loft 
fol mei ek oare miuwen, 
in kriezen en in wiuwen 
fan wjukken wyt as snie. 
Se dwarrelen doe del 
op harren fêste stiennen 
om sa wer te begjinnen 
mei ’t brieden, waarm en fûl. 
  
En nei ferrin fan tiid 
begûn de dop te brekken, 
in kopke út te stekken 
en sjoch, dêr wie de pyk. 
  
In wedstriid ûnder túch 
betsjut in hiel oar stribjen 
as hoe’t de miuwen libje, 
mar… 
by beide giet it fûl.  |