Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Joächaz

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Al wer in kening yn de pas
fan foarfaars dy’t de wei net rûnen
fan de Iene nei ’t beloofde lân,
sy sloegen ’t paad yn nei de ôfgodsbrân,
sa’n offer brocht ek Joächaz.

Hy rôp de grime oer him ôf,
want kening David libbe earder
as in foarbyld, lieder nei Gods hert,
mar Joächaz hat net dy stappen set,
doe brocht Hazael him yn ’t nau.

Dy foarst fan Aram, yn de pas
fan macht, geweld en ûnderdrukking,
liet hiel Israel de djipte sjen,
it wie as hie it folk syn God ferlern,
mar sjoch, doe bidde Joächaz.

De Iene harke nei syn bea
en stjoerde streekrjocht in ferlosser
dy’t it folk befrijde, mar de pas
wie as yn earder tiid, want Joächaz
rûn troch oer ’t paad fan brân nei dea.

admin

Joäsj

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Joäsj wie noch mar in bern
doe’t hy yn Juda kening waard
mei rie fan pryster Jojada,
tegearre folgen se Gods paad,
’t gie op in restauraasje ta.

Jojada seach it ferfal
rûnom, de timpel net it minst,
Jeruzalem moast oan de bou
mei jeften troch de prystertsjinst,
de tsjinners namen ’t net sa nau.

Nei de fraude kaam it oars:
it jild waard yn in kiste dien
en rekke mei kontrôle fol,
dêrfan betelle waarden hout en stien
en ek de bouwers, grut yn tal.

Joäsj seach it bouwurk oan
en liet him dêroer loovjend út,
hy wie in kening nei Gods hert;
in moard brocht oan syn libben ’t einbeslút,
op restauraasje sloech it net.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum