Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Alvestêdetocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De fierte lit allinnich sjen
de hege foarm, in obelisk,
wat boppe-oan is, giet ferlern.

Wat tichterby jout dizich oan
in see-earn loerend op in fisk,
sa falt de brêge út ‘e toan.

Image

De minske giet de brêge oer,
omdat er altyd fierder wol,
in skipper stiet lykwols oan ’t roer.

In stjoerman stiet net op ien foet,
syn stal is oars, net rûn en fol,
yn heech ballet is hy net goed.

Image

Sa hat de frou ús fierder brocht,
wy ha it tichterby wol troch:
sy rydt de Alvestêdetocht.

admin

Hertsilers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De libbensstart hie better kinnen
mei in hert op ‘e sekonde ôf,
it sylde as in wolk op twirren,
faak te let en soms te gau.

Se kamen prinslik om te winnen,
trainend yn de lúkse fan in cruise,
wat lytser wie de keninginne
fan it wetter mei wyt brûs.

Image

De start koe diskear amper better,
alle herten sylden tagelyk
de wedstriid fan har klopjend libben,
bôge wie har keninkryk.

Se bliuwe jierren noch op ’t wetter,
omdat yn har hert gjin finish is,
se kinne no as wolken sile,
binne fan de sege wis.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum