april 13, 2023
fan Ivan Konstantinovitsj Ajvazovski*
De Krim as eilân yn de stoarm
dy’t raasde troch de tiden,
swypkjend hege weagen op,
de rots draacht djippe spoaren,
lûd klinkt dei en nacht syn rop.
Ferlit it skip, kom fluch fan board,
de heechste weagen komme
der no oan en spiele oer
de dekken hinne, rinne fierder
oer it strân, de see is poer.
Mar is de Krim in feilich oard,
in rêstplak yn de brâning,
rotsfêst foar it fiskersfolk,
in romme haven yn de lijte
of is it oars: de Krim as kolk?
De Krim as eilân yn de stoarm
troch alle tiden hinne
weagjend fan de iene nei
de oare, tekens op ’e rotsen
tsjûgje fan in drege wei.
* Ivan Konstantinovitsj Ajvazovski (1817-1900)
Skilderij ‘Ein fan in stoarm op see’
april 12, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Moardner Jisjmael hie finzen nommen
’t folk dat noch yn Mispa wie
en gie op wei nei Ammon ta
om sa oan ’t oardiel te ûntkommen.
Jochanan hie lykwols al fernommen
fan de moarden op syn foarst
en folk en rôp de striders op
om foar it rjocht rap op te kommen.
By de poel fan Gibeön ferstommen
earst de lûden fan it folk
fan Mispa, finzen ûnderweis,
mar letter wiene sy ferromme.
Bliid is ’t folk nei Jochanan ta kommen,
dy’t net wist fan wêr nei ta,
want foarst Gedalja wie ek dea,
mar Jisjmael wist te útkommen.
* Foto ‘De âlde stêd fan Gibeön’