Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sin

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Men hat gjin datum nedich
om de maitiidsbloei te sjen,
te hearren hoe’t it fûgellûd
it minskesin bespylje kin;
men docht it omdat hjoed
de sinnen iepensteane
foar in omslach yn de tiid
en de sin derfan fersteane.

Image

Men rint sa evenredich
oant it riedsel fan it hier
ferset de sinnen nei in plak
dêr’t bline data weagje swier;
elk kriget syn gerak
mei sân dy’t der foar geane,
as it hier fljocht wiid en siid,
dan wurdt it sin beleane.

Image

admin

Keunst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In foarm ferbûn noch mei de ierde,
feroarjend yn de rin fan ’t jier:
natuerlik keunstwurk libjend wier,
gjin hân om ’t groeiproses te lieden.

Image

Achter glês op doek yn list
de kleur yn foarm
troch hân dy’t wist
wat wie de noarm.

Image

De snoeier hie as ark de seage
en smiet de tûken by de dyk:
natuerlik keunstwurk, ûngelyk
foar elk dy’t sjocht mei oare eagen.

Image

Hout bewurke ta de skyn
fan skip, as sier,
sylt sûnder wyn
it hiele jier.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum