Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sûn folk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wetter heint it lêste ljocht
en bringt it nei de reiden ta,
mar ’t folk hat hjir gjin oanhâld socht
foar syn depressys, grize wolk
dy’t skoot foar sinnich waar, no sa
begjint de jûn en ik bin tolk…

Image

… fan ’t oergean troch it tsjuster nei
de moarn mei noch keunstmjittich ljocht
heech boppe ’t streekjen fan de dei,
in teken fan it hegedruk-
gebiet fan hûndert yn de bocht
en wol in tritich yn in ruk…

Image

… sjedêr, se steane klear yn ’t giel
dat oergiet yn it ljochte grien
fan de natuer as in gehiel,
in stribjen fan it sûne folk
nei harmony en sa wurdt ien
en al de dei en ik bin tolk.

Image

admin

Ballade fan Elims froulju

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De ierde libbet op ‘e klop
fan ’t frouljushert yn tiden
dat de need de wetten skriuwt,
wannear’t de weagen stride
of as klinkt de manljusrop.

Doe’t Israel gjin wetter hie
en bern fan toarst fersmachten,
wiene it de memmen dy’t
yn Elim sels noch wachten
oant it bern tefreden wie.

Dit Elim, de oase mei
wol santich palmen, tolve
wellen, is in teken fan
de mem dy’t mei wat salve
leafde op ‘e wûne leit.

Image

Yn ’t gea fan Skearnegoutum lei
it Nijekleaster, dêr’t de
nonnen bidden foar de wrâld
yn need, dat frede sette
de spoaren nei in nije dei.

Dit twadde Elim, hûs fan God,
sa tusken lân en wetter,
oase op in hege terp,
joech rêst foar doe, mar letter
waard it slein, wreed wie syn lot.

Soldaten út it easten wei
besetten earst it kleaster,
lûd klonk harren rûge rop.
Wie Grutte Pier de treaster
fan de nonnen foar en nei?

Wolnee, hy helle wâlen del
en brânde ôf de poarte,
Elim waard in drekwoestyn,
mar froulju makken ’t swarte
wer ta palm en wetterwel.

Image

Fan ’t hûs fan God bleau inkeld oer
de terp en fûneminten,
lykwols heart it skerpe ear
de nonnepreuvleminten
boppe ’t roppen, lûd en stoer.

It hûs fan minsken bleau bestean,
’t waard lykwols faak bedrige
troch it stoarmjen fan de see;
it wetter dat heech stige,
hold de memmen yn de klean.

It wie dan net de swiete wel
fan Elim dêr’t sy brochten
harren bern fanwege toarst;
sy treasten har en fochten
foar it faaie libben fel.

It binne noch de froulju dy’t
fersoargje de passaazje
nei de wrâld fan trou en treast,
dêr’t palmen berntsjes skaadzje,
wetter streamt, in trochgeand liet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum