Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Suzanne*

Keunst
PDF Print E-mail
fan Lucas van Leyden**

Image

Twa foarnamen, Babels allochtoanen,
joadske rjochters achter rots en beam,
troch geilens fuorre,
gluorken oer de muorre,
want Suzanne wie har dream.

Wat krebintich oer de muorre klommen,
dreau de drift de manlju op har ôf:
‘Do moaie poppe,
silst gjinien beroppe,
lit dy sjen as Adams frou.’

Mar Suzanne liet har net oerwinne,
lykwols waarden wurden raar ferdraaid:
‘Wol nei ús hearre,
hoe’t it niis mislearre,
Joazef is der krekt útnaaid.’

Rjochters tsûgen, joegen ek de deastraf,
mar in Daniël spriek oare taal:
‘De beide mannen
hawwe sels Suzanne
oantaast mei har geil ferhaal.’

Image

***

Sjoch no de frou dêr rinnen,
opriisd út it kleurfjild wei
dat nei it fjoer har oan de skinen lei,
mei rjochte rêch, beskerme tsjin de sinne,
libbet sy har eigen dei.

* It ferhaal ‘Suzanne’ stiet yn it apokrive
‘Taheakke op it boek Daniël’.

** Lucas van Leyden (sirka 1484-1533)
hie as jonkje al belangstelling foar
kryt, pinseel en gravearstift.
Doe’t er tweintich jier wie, behearske er
de gravearkeunst al folslein. Dêr tsjûget
‘Suzanne en de âlderlingen’ fan.

*** Claude Monet (1840-1926) wie ien
fan de belangrykste ympressionistyske
skilders. Hy hat ‘Frou mei parasol’
yn 1886 skildere.

admin

Bonjour

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paul Gauguin*

Image

‘Bonjour, monsieur Gauguin,’
seit op dy koele moarn
syn buorfrou Bleu op klompen.
It is him oan te sjen
dat hy har toarre toan
begroetsje wol mei stompen.

De fûsten yn de jas,
de lippen op it slot,
de pet heal oer de eagen,
lit hy syn kleuren los
de boeretrut ta spot
mei wyn en rein yn fleagen.

Hy dreamt syn sinnich sin,
de tinten waarm fan fjoer
foar ’t frouwebleat yn Eden:
‘Bonjour, monsieur Gauguin!’
Dit komt him soeler oer,
syn kar foar oare seden.

Image

* Paul Gauguin (1848-1903) wie in Frânske skilder.
Hy socht syn hiele libben nei it paradys sawol
geografysk as artistyk.
Gauguin befoer alle oseanen om út te kommen
op ‘e Marquises eilannen yn de Stille Súdsee.
Syn skilderijen tsjûgje fan in brede opset
en waarme kleuren.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum