december 29, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
It barde yn itselde jier:
de earste proef tichtby Bikini,
de twadde yn mondên Parys
mei twa eksploazjes as gefolch,
de ynfloed dêrfan rikte fier.
Bikini, ’t eilân mei koraal,
seach earst noch skoan de sinne skinen,
ynienen kaam in poddestoel
dêrfoar, ’t gefolch wie eksplosyf,
de hege wolk spriek kleare taal.
Bikiny twa, in oar ferhaal,
woe ha de sinne moast wol skine,
net yn Parys, mar boppe ’t strân
mei tal eksploazjes as gefolch,
de moade die in hiele haal.
De proeven rikten beide fier,
it wie gjin striid om fier te kommen,
mar hokker brânde op ’e hûd
mei watfoar sykte as gefolch?
Bikinys wiene foar de sier.
* Foto ‘Atoomproef by Bikini’
** Foto ‘Yn bikiny’
december 27, 2024
fan ûnbekend*
Wannear’t de hjerst de blêden
kleuret mei sabeare bloei,
dan stekt Fitz Roy de fingers op
as teken fan de iere winter:
‘Gjinien komt no noch op ’e top!’
Twa Frânske alpinisten
klommen yn de simmer nei
de top, Fitz Roy seach op har del,
mar koe de klimmers no net keare,
de hichte makke har net kjel.
Sa’n trijetûzen meter
heech , fan steile rots nei rots
gie ’t stadichoan de hichte yn,
Fitz Roy koe oars net as lûd beare,
harmoanysk mei de hurde wyn.
* Foto ‘Monte Fitz Roy yn Argentinië’