Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It koe net oars

Keunst

fan Ary Scheffer*

It koe net oars,
sy wie de âldste
en hie de noed
oer beide jongsten,
mar die sy ’t goed?

Sy hearde noch:
‘Do bist de âldste
en witst grif wol
hoe’t jim der komme,
do hâldst it fol.’

Sy wist net goed:
mei har derhinne
of better net
op ’t hôf te kommen,
de stap is set.

Sy hat ferteld
oer beide âlden,
it goede thús,
it gean en kommen
en oer it krús.

It koe net oars,
der rôlen triennen
as waarme groet
fan beide jongsten…
sy die it goed.

* Ary Scheffer (1785-1858)
Skilderij ‘De wezen’



admin

Mei stipe fan de geast

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Ik hearde wurden fan de Hear
oer Tyrus, oer Egypte,
Israel en oer mysels…
Nebûkadnessar kriich de ear.

Syn leger hie swier striden om
stêd Tyrus yn te nimmen,
dêrnei wie it skjin oan ein,
de Heare joech syn kening rom.

Syn leger teach nei ’t suden ta,
ferovere Egypte,
holp de Hear sa by syn wurk…
koe Israel ek foardiel ha?

Syn folk kriich stipe fan de geast,
ik koe wer frij-út prate
as profeet mei wurden fan
de Hear, dy krêft holp doe it meast.

* Yllustraasje ‘Ezechiël heart nei de Hear’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum