Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Micha’s spotliet

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Sil ik jim sizze wa’t nachts wekker leit?
De rike, mar net om syn lijen,
hy is inkeld wach op wat de hertslach seit:
do hast de macht om mear te krijen.

Ik sis jim hoe’t soks yn de moarntiid giet:
de riken stelle landerijen
en mei de huzen is ’t itselde liet,
se ha de macht om mear te krijen.

Sil ik jim sizze wat de Iene seit?
De riken sille net ûntkomme
oan rampen, want dat is de ein fan ’t pleit,
har liet is dan foargoed ferstomme.

Ik set foar jimme yn in liet fol spot:
De tiid hat west foar falske riken,
har lân en huzen treffe ’t selde lot,
de swalkers sille dêrmei strike.

* Mozayk ‘De profeet Micha’
yn de San Marko te Fenetië
(12e-13e ieu)

admin

Micha’s fiersicht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jan van Eyck*

Image

Morêsjet, plak fan de profeet
dy’t wenne mei it útsicht
oer it lân fan noard nei súd;
hy seach de oerdied en it leed,
de earmoed, foar de riken bút,
de Iene joech oan Micha ’t fiersicht.

Omheech it antlit foar it sicht
op ’t wenstee fan de Iene
dy’t net bliuwt sa himelheech,
mar delkomt, want wa docht syn plicht
op ierde? Boarnen reitsje leech,
de bergen misse al it griene.

Omleech it antlit foar it sicht
op ierde, dêr’t de Iene
giet de berch op, komt wer del,
it raant en spjalt, in frjemd gesicht
foar Juda en foar Israel,
dy’t fan de rjochte wegen giene.

* Jan van Eyck (sirka 1390-1441)
Skilderij ‘Profeet Micha’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum