Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sûnder reef en SAR

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1994

It like op De Lemmer min
mei wynkrêft seis en soms in sân,
dat soe de striid wol heve?
Mar Aeolus hie wat oars yn ’t sin,
allinnich Huzum soe noch reve.

Image

Yn Ljouwert wjukke SAR omheech,
in helikopter foar de need,
omdat se ’t net fertrouden:
krige ’t wite skûtsje it te dreech,
dan tilde SAR it op mei touwen.

Mar Huzum snie de toutsjes los,
omdat Aeolus fûn de reef
derút, it koe wol sûnder;
Jelle * wie it bêst op dreef,
syn Lemster trui die it foar wûnder.

Image

* Jelle Reyenga

admin

Botse en kotse

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1994

Kinne fjirtjin skûtsjes sile
sa’t de skipper ’t leafste wol?
De skoaten oan en frij derút,
it túch heint fol de wyn
en ’t skûtsje fart net yn in file.

Mar dêr giet it brûzjend hinne
nei de boei, de fierte yn,
dochs elk is bûn oan ’t selde punt,
it frije is derút,
se moatte no de regels kinne.

Image

Bakboard, stjoerboard, hear it klotsen,
roppen, razen, grutte snút:
‘Dêrwei, ’t giet mis, lit los, protest!’
‘It wurdt ús wer net gund!’
De klap komt oan, om fan te kotsen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum